Reitsma: ASR moat bliuwe

18 feb 2010 - 11:31

De gemeente Wymbritseradiel freget de keamerkommisje fan Ekonomyske Saken om harren yn te spannen foar it iepen hâlden fan de festiging fan ASR fersekeringen yn Wâldsein. ASR wol de festiging yn Wâldsein yn 2011 slute.

Boargemaster Reitsma fynt dat dat net kin. ASR wie earder foar in part yn hannen fan Fortis Bank, in bank dy't miljoenen oan oerheidsstipe krigen hat. It belied fan de oerheid om wurk te sprieden, soe dêrmei eins ek foar ASR jilde moatte, sa fynt Reitsma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)