Himpkwekerij yn Schepenbuurt

Himpkwekerij Schepenbuurt
De plysje hat woansdeitenacht yn in wente oan de Tsjalkstrjitte yn Ljouwert in himpkwekerij ûntdutsen. Se fûnen de kwekerij nei in melding fan wetteroerlêst. Bewenners fan omlizzende huzen hiene de wenningboukorporaasje warskôge. Omdat net ien iepen die, bruts de plysje de doar iepen. Se fûnen 227 planten. De wetterlieding waard ôfsletten.
De stroom waard illegaal ôftape. Planten en de apparatuer binne yn beslach nommen.