Provinsje beheart net kanaal

It kanaal bliuwt fan it Ryk
It behear fan it Van Harinxmakanaal bliuwt foarearst yn hannen fan it Ryk. De provinsje woe dat behear graach oernimme, it Ryk hie dat sels al tasein, mar hat dêr no gjin jild foar. De provinsje soe miljoenen Ryksjild meikrije om takomstich ûnderhâldswurk oan it kanaal dwaan te kinnen.
Dat it Van Harinxmakanaal yn hannen bliuwt fan it Ryk, is in tebeksetter foar de provinsje. Dy wol it kanaal graach geskikt meitsje foar gruttere skippen.