Beammekap Lyndenpark giet los

Elkien sil yn Beetstersweach in appartemintekompleks bouwe en tal fan wenningen.
Yn it Van Lyndenpark yn Beetstersweach wurde tongersdei beammen kapt. Wenningstifting Elkien wol op it plak wenningen bouwe. Der wie beswier makke tsjin de beammekap, mar de rjochter hat woansdei bepaald dat de kapfergunning jildich is.
Om't op 15 maart it briedseizoen begjint sille de beammen direkt kapt wurde. Der wie by de rjochter ek in skorsingsfersyk yntsjinne tsjin de oanpassing fan it bestimmingsplan. Ek dat beswier is ôfwiisd.