Boek oer Fryslân yn de Sixties

Skriuwer en kolumnist Huub Mous
Der komt in ûndersyk nei Fryslân yn de jierren sechstich. Skriuwer en kolumnist Huub Mous sil dêr in boek oer skriuwe. De jierren sechstich soe ien fan de opmerklikste perioaden fan de kulturele skiednis fan Fryslân wêze. De tsjinstellings tusken it doarp en it plattelân waard yn dy jierren lytser.
Yn it boek wurdt antwurd jûn op de fraach hoe't it modernisme fan ynfloed west hat op de literatuer en oare keunsten. Oer in jier komt it boek út.