Ride by Poptaslot Marsum
Nei 13 jier wachtsjen koene goed 80 skoalbern woansdei wer reedride op de slotgrêft fan it Poptaslot by Marsum. De túnbaas hat in soad muoite dien om de grêft sniefrij te hâlden sadat it iis moai groeie koe. Dat is slagge.
Neffens ieuwenâlde tradysje koene de bêste riders ek dit kear in apel út de slottún winne. De bern ha ha poerbêst fermakke.