Utstjit ôffaloven kontrolearre

LTO Noord hat mei Omrin oerienstimming berikt oer de kontrôle fan de útstjit fan de ôffaloven yn Harns. Dy útstjit sil kontroleard wurde mei in programma dat betocht is troch de universiteit yn Wageningen. By dat program wurdt sjoen nei de gefolgen fan de útstjit foar fiif produkten. It giet om komolke, griente en gers om't dy't gefoelich binne foar stoffen dy't by ferbrâning frijkomme.
Op fiif plakken om de oven hinne komme bakken mei testprodukten.