Himpkwekerij oprôle

De plysje hat woansdei oan de James Wattstrjitte yn Ljouwert in hennepkwekerij oprôle. De kwekerij siet yn in loads yn de strjitte. De plantaazje wie ferstoppe boppe in opslach fan bêden en matrassen.
Yn it gebou waarden in lytse 3000 planten fûn. Dy wurde, mei de byhearrende apparatuer, ferneatige. De stroom dy't foar de kwekerij nedich wie, waard yllegaal ôftape. Der binne noch gjin minsken oanhâlden.