'80 km op N359'

17 feb 2010 - 10:16

De provinsjale dyk N359 tusken Warkum en De Lemmer moat in 80 kilometerdyk bliuwe. Dat fynt Atelier Fryslân, in groep minsken dy't advys jout oer ynfolling fan it lânskip.

It Atelier wykt yn syn advys ôf fan de plannen fan de provinsje. Dy wol fan de hiele N359 in 100 kilometerdyk meitsje foar bettere trochstreaming. Yn de dyk komme dan gjin krusingen. Atelier Fryslân fynt dat op trije plakken wol krusingen komme moatte, by Wommels, Warkum en Aldemardum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)