Frou misliedt mei nepferhaal

17 feb 2010 - 09:53

De plysje fertinkt in frou (25) út Ljouwert fan oplichting. Se hat op ferskate lokaasjes yn de stêd kollekteard. Dat die se foar in sike freondinne. It jild soe se stoarte op de rekken fan it sikehûs dêr't har freondinne behannele waard.

De frou soe ek in stichting oprjochte ha. Neffens de plysje stuts de frou it jild yn eigen bûse. It soe gean om tûzenen euro's. De plysje kaam har op it spoar nei meldings fan minsken dy't de saak net fertrouden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)