Cambuur wint fan Snitsers

Nassir Maachi
Cambuur hat tiisdeitejûn de oefenwedstryd tsjin Snits Wyt Swart mei 1-0 wûn. Cambuur kaam yn de twadde helte op foarsprong troch Nassir Maachi op oanjaan fan Bob Schepers. Cambuur wie wol better, mar it bleau by it iene doelpunt.
By Cambuur spile de Ingelske fuotballer Jason Jarret mei. Jarret is in middenfjilder en stie ûnder kontrakt by it Ingelske Port Vale. Cambuur spilet freed thús de tsjin FC Oss, as it waar it talit.