Trije ton foar doarpsprojekten

De gemeente Weststellingwerf ynvestearret 3 ton yn 7 projekten yn ferskate doarpen yn de gemeente. It giet dan foaral om plannen fan pleatslik belang organisaasjes.
Yn Easterstreek, Nijeholtpea en Aldeholtpea wurdt ynvestearre yn it opknappen fan it doarpssintrum. En yn Boyl, Munnikebuorren en Aldlemmer wurde de doarpshuzen oanpakt. Yn Nijlemmer wurdt it gebou fan de iisferiening restaurearre. Dit gebou is in ryksmonumint.