Ferkearsmaatregels VVD

VVD-listlûker Marjan van der Aart
De VVD yn Smellingerlân wol dat ek de rotondes op de Noarder- en Suderhegewei yn Drachten twabaans wurde. Dat sei VVD-listlûker Marjan van der Aart tiisdei op in ferkiezingsdebat mei ûndernimmers yn Drachten.
De trochgeande dyk troch Drachten hinne is fjouwerbaans oanlein, mar by de rotondes wurdt dy smeller makke. Dat soarget benammen op drokke tiden foar opûnthâld foar ferkear.