Undersyk nei Tsjûkemar

© Omrop Fryslân
De gemeenten Skarsterlân en Lemsterlân litte mei de provinsje útsykje wat mooglik is mei de Tsjûkemar. Moat der mear romte komme foar rekreaasje of moat de mar foaral rêstich bliuwe. Mei dy fragen sil in buro de kommende tiid oan 'e slach. De gemeenten, Steatsboskbehear en de Marrekrite kinne harren fyzje dêrop jaan.
Doel is om de nije fyzje foar de ein fan it jier klear te hawwen. Foardiel is dat dan foar elkenien dúdlik is wat mooglik is mei de mar.