Mear ûndersyk yn saak-Kooistra

16 feb 2010 - 14:31

Der moat neier ûndersyk komme yn de saak Niels Kooistra, fynt it gerjochsthôf. De rjochters wolle mear witte oer aard, rjochting en djipte fan 'e stekwûne dêr't Kooistra troch ferlamme rekke. De advokaat fan de fertochte hie om it ûndersyk frege. Ut de wûne soe ôflaad wurde kinne oft der sprake is fan moard of deaslach.

De rjochtbank feroardiele de fertochte yn desimber 2009 ta tolve jier sel fanwege moard. Hy gie yn heger berop. Neffens him gie it om in rûzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)