Transporteur ferlit Bûtenpost

Transport- en oerslachbedriuw Niek Dijkstra giet út Bûtenpost wei. Dêrmei komt in ein oan 116 jier skiednis fan it bedriuw yn it doarp. Niek Dijkstra ferhuzet nei It Hearrenfean. It bedriuw hat in pear jier plannen om te ferhúzjen omdat der yn it doarp te min romte is om út te wreidzjen. Niek Dijkstra is al it twadde transportbedriuw dat yn in pear jier tiid ferdwynt út de gemeente Achtkarspelen. Earder ferdwûn ek Vos Logistics, it eardere De Bruin.