Stroomsteuring yn Ljouwert

Tsientûzen húshâldens yn Ljouwert sieten tiisdei mear as in oere sûnder stroom. Neffens enerzjybedriuw Enexis hat in befeiliger fan it bedriuw in transformator oan de Skinkeskâns yn de stêd útskeakele. Yntusken hawwe de measte húshâldens wer elektrisiteit. De Vrijheidswyk wie de lêst dy't wer stroom krige.
It is ûndúdlik wêrom't de befeiliger de stroom útskeakele hat. Iepenbiere ynstellingen lykas it provinsjehûs, it stedskantoar en de NHL waarden troffen.