Slim ûngelok yn Drachten

Foto Jilmer Postma
By in ûngelok yn Drachten binne tiisdei om kertier oer tsienen twa froulju slim ferwûne rekke. It giet om in 61-jierrige frou út Grou en har 94-jierrige mem. De dochter ried yn har auto oer de Splitting en waard nei alle gedachten net goed. Se klapte tsjin in lampepeal.
Beide slachtoffers binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De dochter is der slim oan ta.