Drugsdealer oppakt yn Ljouwert

Op 'e Wurdumerdyk yn Ljouwert is in 22-jierrige man út dy stêd oanhâlden foar hannel yn harddrugs. Plysjes seagen de man oer de Weaze rinnen. Hy naaide út doe't er de plysje yn de gaten krige.
Doe't er eefkes letter yn in hoarekasaak op 'e nij besocht oan de plysje te ûntkommen, waard er oppakt. Ien fan de plysjes hie sjoen dat de fertochte wat weismiet. Yn in ôffal-amer fûn de plysje boltsjes mei kokaïne en heroïne. De Ljouwerter sit fêst.