Smeekens sechsde op 500 meter

Reedrider Jan Smeekens fan Snits is sechsde wurden op de 500 meter yn Vancouver. Winner wie de Súd-Koreaan Tae-bum Mo, foar de Japanners Keiichiro Nagashima en Joji Kato.
De pupil fan Jan Ykema, Ronald Mulder, starte net goed yn de lêste rit en waard yn totaliteit alfde. Simon Kuipers kaam út op it 20ste plak, Jan Bos kaam net fierder as it 29ste plak.