IIsmasines Vancouver doge net

16 feb 2010 - 03:04

De twa 500 meters foar de manlju by de Olympyske Spelen yn Vancouver binne folle letter ferriden as ferwachte. De iismasines rekken alle trije stikken.

De foarsitter fan de ISU hat úteinlik trochsetten dat de wedstriid wol ôfmakke wurde koe, mar it iis bleau de hiele jûn min. De organisaasje fan de Olympyske Spelen lit no in ekstra iismasine ynfleane fanút Calgary. Dy kin dan by nije needgefallen ynsetten wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)