Fernijing De Westereen fierder

15 feb 2010 - 23:16

De twadde faze fan de fernijing fan it sintrum fan De Westereen giet los. Moandei waarden de plannen oan de bewenners presintearre. Dêr kamen goed 160 man op ôf.

It sintrum fan it doarp sil foar dik 16 miljoen euro op de skep. Dêrmei wurdt dit jier ûnder oare de eastlike rûnwei oanlein mei in tagongsdyk nei it sintrum. Fierder wurdt de útwreiding fan it bedriuweterrein fierder taret en komme der 35 boukavels foar wenten yn de ferkeap.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)