Untslach by VVV It Amelân

In meiwurkster fan de VVV op It Amelân is ûntslein, omdat se har eigen fakânsjehúskes foarlutsen hat. De frou wurke al mear as 25 jier by de VVV en hie as taak om ynformaasje te jaan oer beskikbere fakânsjehúskes op it eilân.
De regels fan de VVV binne dat de eigen húskes noait as iennichste mooglikheid oanbean wurde meie. No is útkommen dat de frou har dêr net oan hâlden hat. De kantonrjochter hat bepaald dat de arbeidsoerienkomst ûntbûn wurde mocht.