Lykspul foar Drachtster Boys

31 mrt 2012 - 16:54

Drachtster Boys hat sneon op eigen fjild mei 0-0 lykspile tsjin nûmer fiif ACV. De wedstriid yn Drachten moast spile wurde op it keunstgersfjild, om't it haadfjild ôfkard waard troch de skiedsrjochter. Troch gemeentlik ûnderhâld wienen der lytse stientsjes op it fjild kaam wêrtroch it te gefaarlik wie om te bespyljen. Op it ferfangende keunstgers wisten beide ploegen lykwols net ta skoaren te kommen.

De ploech fan trainer Jan van Raalte stiet noch altyd ûnderoan yn de haadklasse C.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)