Optimisme foar haven Harns

15 feb 2010 - 20:41

Harns is optimistysk oer de takomst fan de haven. Harlingen Seaport tinkt dat de ekonomyske krisis oer syn djiptepunt hinne is en basearret him dêrby op de groei fan de konteneroerslach. Dat oantal lei ferline jier wat heger as yn 2008.

It positive sifer jildt net foar de totale oerslach fan guod yn de haven. Dat sakke mei 15 prosint. De haven is drok dwaande om mear skippen nei Harns te lûken. It hopet oer in jier as fiif útwreidzje te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)