Hayo Apotheker oan de slach

Apotheker oan de slach yn Snits
Snits hat wer in boargemaster! Hayo Apotheker gie moandei foar it earst oan de slach as nije boargemaster fan de gemeente. Hy folget Arno Brok op. Dy is sûnt begjin dizze moanne boargemaster fan Dordrecht.
Apotheker is dus boargemaster foar in jier. Dêrnei giet Snits op yn de grutte Súdwesthoeke gemeente. It is dus noch efkes ôfwachtsjen oft er dêr ek boargemaster fan wurdt.