Nije spilers ONS Snits

15 feb 2010 - 12:55

Fuotbalklup ONS fan Snits hat foar it nije seizoen Ale Geert de Vries en Martijn Roosenburg oanlutsen. Middenfjilder Roosenburg traint op dit stuit al by de sneons earste klasser, nei't hy by sneinshaadklasser De Jouwer net mear wolkom wie.

Ale Geert de Vries is no noch keeper by Cambuur. Hy begûn al op hiele jonge leeftiid by de Ljouwerters. De 29-jierrige De Vries hat sûnt 2001 in kontrakt by Cambuur. Yn it seizoen 2008/2009 waard er ferhierd oan AGOVV.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)