Winterbannen foar skoalferfier

Underwiis wol winterbannen foar ferfierders
Taksybedriuwen en oare ferfierders fan skoalbern moatte altyd op winterbannen ride. Dat fynt ek direkteur Djoke de Jong fan de iepenbiere basisskoalle foar spesjaal ûnderwiis yn Snits.
Moandei liet ferfierder Connexxion witte dat net alle taksybuskes op winterbannen ride. Hjirtroch krige in taksybuske begjin dizze moanne is slim ûngelok. De belange-organisaasje fan âlders mei bern yn it spesjaal ûnderwiis skriuwe dêr no in lulke brief oer nei minister Plasterk.