Hieltiid minder jongeren damme

© Omrop Fryslân
Der is yn Fryslân hieltiid minder belangstelling foar de damsport. Dat docht bliken út sifers fan it Provinsjaal Frysk Dambûn. Yn 2000 hie it bûn noch 955 leden, sûnt begjin dit jier binne dat der noch mar 698.
Yn hiel Fryslân binne der noch mar 51 jeugdspilers, dy't lid binne fan it bûn. Neffens foarsitter Jan Bosselaar fan it Provinsjaal Frysk Dambûn is it dreech om dizze ûntwikkeling te kearen.