SP-ers net nei Hearrenfean

15 feb 2010 - 10:56

Ynwenners fan Smellingerlân wolle net fusearje mei de gemeente Hearrenfean. Dat is de útkomst fan in lytse enkête fan de SP yn Smellingerlân, ôfrûne wykein yn Drachten. Fan de 35 minsken dy't oan de enkête meidien hawwe, wie mar ien foar in fúzje. Dy persoan fûn dat de polityk dêroer beslisse moat, wylst de rest woe dat de ynwenners fan de gemeente beslisse oer in eventuele fúzje.

Sneon hâldt de SP de enkête wer, dan op 'e nij yn it sintrum fan Drachten

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)