Gjin ûnderhâld pont Langwar

15 feb 2010 - 10:26

Der wurdt foarearst gjin grut ûnderhâld útfierd oan de pont fan Langwar. De pont soe moandei út de feart helle wurde en de kommende fjirtjin dagen stillizze. Fanwege it winterwaar en it provinsjale farferbod wurdt it wurk lykwols útsteld.

De pont kin dêrom de kommende dagen gewoan ynset wurde. Wannear't it ûnderhâld wol dien wurdt is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)