Aksjes by it provinsjehûs

15 feb 2010 - 09:45

De fakbûnen FNV en CNV hawwe fan 'e moarn fan sân oere ôf poarte-aksjes holden by it provinsjehûs. De fakbûnen wolle sa harren ûnfrede oer de CAO ûnderhannelings krêft bysette.

Neffens de bûnen wegeret it provinsjebestjoer op de easken fan it personiel yn te gean. Se slute hurdere aksjes net út. Tiisdei wurdt der noch in byienkomst holden yn it provinsjehûs werby in petysje oanbean wurdt oan it kolleezje fan deputearre steaten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)