Hast skok foar Sven

15 feb 2010 - 07:03

Sven Kramer is sneon nei syn gouden rit ûntkaam oan in elektryske skok. Doe't bekend waard dat hy Olympysk goud wûn hie, sprong hy oer de stekken om de baan yn de Richmond Olympic Oval om it feest mei syn famylje en freondinne te fieren. Mar oan de râne fan de iisbaan rint in baan foar in spesjale tillevyzjekamera. Wa't de konstruksje rekket, kin in skok krije.

Gelokkich foar Kramer seagen meiwurkers him oankommen en skeakelen de stroom út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)