IIs Earnewâld iepenbrutsen

15 feb 2010 - 06:35

De provinsje warskôget riders dat it iis yn de fargeul by Earnewâld moandei mei in iisbrekker iepenbrutsen wurdt. Dat is nedich foar in houttransport út Drachten wei. It is derom net fertroud om it iis op te gean.

Yn it wykein wiene der noch in soad minsken op it iis by de Alde Feanen. Dy koene mei in pontonbrêge de fargeul oerstekke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)