Fjouwer GHB-dealers oppakt

GHB wurdt yn 'e regel ferhannele yn lytse fleskes
Trije manlju fan 18,19 en 21 jier fan It Hearrenfean en in Tsjalberter (24) binne sneon op It Hearrenfean troch de plysje oanhôlden fanwege hannel yn GHB. Tsjûgen seagen dat de manlju út in auto wei dealden en warskôgen de plysje. Dy hâlde de auto dêrnei oan.
Yn de auto leine in tal lege fleskes en ien fol fleske mei nei alle gedachten GHB. De Tsjalberter mocht nei it ferhoar troch de plysje wer nei hûs ta. De trije Feansters moasten wol bliuwe.