Oppakt foar it beljen fan 112

14 feb 2010 - 13:53

In 50-jierrige man fan It Hearrenfean is yn de nacht fan sneon op snein oppakt troch de plysje omdat er trettjin kear alaarmnûmer 1-1-2 draaid hie.

De man wie earder dy nacht út in kafee setten yn syn wenplak, omdat er him ferfelend gedroegen hie. De man wie it net mei syn ferwidering iens, wêrnei't de plysje bemiddelje moast. De fertochte fûn dat net genôch, wêrnei't er it alaarmnûmer begûn te beljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)