Miljoenen sjogge Kramer winnen

De olympyske race fan Sven Kramer luts in soad sjoggers (foto: KNSB)
Hast 4,7 miljoen minsken hawwe sneontejûn sjoen hoe't Sven Kramer Olympysk Kampioen waard op de Spelen yn Vancouver. Dêrmei is de gouden race fan Kramer it bêst besjoene tillevyzjeprogramma yn mear as in jier tiid. Dat docht bliken út sifers fan de Stichting Kijkonderzoek. Der wie in pyk fan 5,3 miljoen doe't Kramer oer de finish gie.
Earder wie in ôflevering fan Boer zoekt vrouw it bêst besjoene programma, mei 4,5 miljoen sjoggers.