Sint Piter wer yn Grou

Sint Piter is sneon wer yn Grou oankommen. Grutte fraach wie hoe? Want de Pikmar is tichtferzen. Foar de pakjesboat wie der dus gjin trochkommen oan by Hotel Oostergoo, de haven leit fol iis.
Foar in belslide wie it iis net sterk genôch en dêrom ferskynde de goedhillichman úteinlik hiel gewoan op in hynder. Foar it each fan hûnderten taskôgers. De bern koene gerêst sykhelje; pakjesjûn is feilichsteld.