24 oeren les op flot
Tolve learlingen fan de Maritime Akademy yn Harns hawwe in rekordpoging folbrocht. Se hawwe fjouwerentweintich oeren les hân op in rêdingsflot.
Mei de rekordpoging freegje de learlingen mear omtinken foar har oplieding. Se waarden neidat it rekord helle wie opwachte troch de loko-boargemaster fan Harns. It hie wol swier west om wekker te bliuwen.