50 dielnimmers Solar-race

Dizze simmer dogge sa'n 50 boaten mei oan de Frisian Solar Challenge. Under har binne teams út Brazilië, de Feriene Steaten en Poalen. De race mei sinneboaten wurdt yn july hâlden.
De teams farre dan krekt as by de twa foargeande edysjes de Alvestêdetocht. Dy moatte se dit kear wol yn in dei minder ôflizze, de etappes wurde dêrtroch langer. Ek nij is dit jier dat der in miny-solarrace hâlden wurdt spesjaal foar learlingen út it middelber ûnderwiis.