A'dam-Dakar foar goed doel

Yn in âld barrel nei Tunesië ride, dat is de útdaging foar de bruorren Hugo en Maarten Rinsema fan Sigerswâld. Sneon binne se starten yn de Amsterdam-Dakar Rally. De opdracht is simpel: yn in auto dy't minder as 500 euro wurdich is nei de kop fan Afrika ride. Allegearre foar it goede doel, yn it gefal fan Hugo en Maarten Oxfam Novib.
De bruorren ride yn in trabant dy't se sels hielendal opknapt hawwe. It is de ferwachting dat se goed fjouwer wike ûnderweis wêze sille.