'Posysje Frysk wurdt better'

De posysje fan it Frysk wurdt folle better, no't it kabinet de status fan de taal yn de grûnwet opnimme wol. Dat seit Earste Keamerlid Geart Benedictus fan it CDA. Benedictus hat as steatelid jierrenlang foar de posysje fan it Frysk fochten.
Neist it Frysk wurdt ek it Nederlânsk offisjeel yn de grûnwet opnommen. It kabinet wol de beide talen net yn de ferdrukking komme litte, no't der yn ús lân ek in soad Ingelsk, Marokkaans en Turks sprutsen wurdt