Eigendommen út kamp werom

© Omrop Fryslân
Nei 65 jier krijt de famylje fan in flak nei de oarloch ferstoarne plysjeman syn persoanlike besittingen werom. It giet om in erfskip fan Amelanner Anne Oud. Hy wurke by de plysje en waard yn 1944 oppakt en oerbrocht nei Kamp Amersfoort. Fan dêr út waard hy op transport set nei konsintraasjekamp Neuengamme.
Oud oerlibbe de oarloch mar kaam sa brutsen werom dat er noch mar in pear moanne libbe hat. Sneon krige de famylje de eigendommen werom.