Agressive winkeldief oanhoden

In 24-jierrige Ljouwerter is freed yn syn wenplak oanholden, omdat er drinken stellen hie út in supermerk oan de Lieuwenburg. In meiwurker fan de winkel hie dat op kamerabylden sjoen.
De fertochte koe bûten de winkel oanholden wurde en waard meinaam nei it kantoar. Dêr waard de man agressyf en naaide út. De alarmearre plysje kaam de fertochte tsjin en koe him oanhâlde.