Drugsbesit en himpkwekerij

13 feb 2010 - 13:10

Yn de buert fan in bensinestasjon yn Drachten is in 19-jierrige ynwenner fan De Harkema oanholden yn ferbân mei drugsbesit. De fertochte hie in tal fleskes mei de drug GHB by him. Ek fûn de plysje noch trije gram amfetamine yn de auto fan de fertochte.

Yn Kollum hat de plysje freed oan de Kloastermanstrjitte in himpkwekerij oprôle. De plysje trof nei in tip 120 planten oan. Alle materiaal is yn beslach naam. De plysje is noch op syk nei de eigner fan de kwekerij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)