Soad dielnimmers toertochten

13 feb 2010 - 12:50

Sa'n twatûzen reedriders hawwe sneontemoarn yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert de redens ûnderbûn foar de Ronde van de Lytse Wielen. It is foar it earst yn 13 jier dat de tocht wer hâlden wurdt.

Ek by Earnewâld wie de belangstelling grut om de toertocht troch nasjonaal park d'Alde Feanen te riden. Der wiene goed 5000 dielnimmers wylst der 4000 kaarten wiene. Der binne dêrom noch 1000 kaarten byprinte. Dielnimmers koene kieze tusken 20 of 40 kilometer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)