Prins woe by Oentsjerk ophâlde

13 feb 2010 - 00:21

Prins Willem-Alexander hie by it riden fan de Alvestêdetocht yn 1986 by Oentsjerk fan it iis stappe wollen. Dat fertelde er freed oan de media by de iepening fan de Olympyske Spelen. It wie in resjersjeur dy't him oerhelle troch te riden, omdat syn auto net by Oentsjerk stopje koe.

De prins ried de tocht yn '86 ûnder de namme W.A. van Buren. De prins wol net sizze oft er opnij meidocht mocht de Alvestêdetocht wer hâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)