PvdA: Sinnebuorren opknappe
De PvdA yn Boarnsterhim wol dat de provinsje faasje set achter in beslút oer it opknappen fan de wyk Sinnebuorren yn Akkrum. De provinsje moat tastimming jaan foar de ferkeap fan in stik grûn by de wyk. Mei de opbringst dêrfan kinne de huzen yn de wyk opknapt wurde. Dy huzen binne slim fertutearze.
De tastimming fan de provinsje is nedich omdat Boarnsterhim sjoen syn minne finansjele posysje ûnder provinsjaal tafersjoch stiet.