Aksje FNP tsjin CO2-opslach

12 feb 2010 - 19:27

De FNP yn Boarnsterhim fiert aksje tsjin de opslach fan CO2 yn de Fryske grûn. De partij hat by in gaswinlokaasje yn Raerd in grut spandoek ophong mei de tekst 'CO2-opslach nee'.

De FNP is tsjin de opslach omdat it neffens de partij te djoer is en de útstjit fan CO2 net tsjin giet. Boppedat fynt de FNP dat der noch te min bekend is oer de gefaren fan ûndergrûnse opslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)