PvdA, VVD wolle Alvestêdebosk

As it oan de PvdA en de VVD yn Ljouwert leit komt der by wenwyk de Súdlannen in Alvestêdejubileumbosk.
Beide partijen fine dat der te min omtinken is foar grien yn nije wenwiken. Omdat der yn de plannen fan de gemeente sprake wie fan in iisbaan en oare sportfasiliteiten by de Súdlannen, soe in rekreatyf bosk in moaie oanfolling wêze neffens beide politike partijen.